XV.Sa lang ik fen hwa’t diel hawwe oan dyn siele,It heechste riis yn fieling en yn lietEn ’t keninklike poarper draech, bistietMyn ljeafde lyk in snieberch, goud-oerstriele.En yn myn dreamen hearst oan my, en fieleMyn tinzen neat fen hwet ús ivich skiedt,Lyk strûzend ek in sémieu oer it wietGjin weagen wit, mar oanfljucht, ljocht-bimiele.Ik seach yn ’t ivich blau de hege sinneSa prinslik glânzgjen oer it prieljend gea—Scoe ik dy ea as ljeafste groetsje kinne?Mar nou toraent it lêste jountiids-rea,De lûde sé brûz’t oer fen wylde minne—En op myn herte slacht it fûl del: Nea!
Sa lang ik fen hwa’t diel hawwe oan dyn siele,It heechste riis yn fieling en yn lietEn ’t keninklike poarper draech, bistietMyn ljeafde lyk in snieberch, goud-oerstriele.
En yn myn dreamen hearst oan my, en fieleMyn tinzen neat fen hwet ús ivich skiedt,Lyk strûzend ek in sémieu oer it wietGjin weagen wit, mar oanfljucht, ljocht-bimiele.
Ik seach yn ’t ivich blau de hege sinneSa prinslik glânzgjen oer it prieljend gea—Scoe ik dy ea as ljeafste groetsje kinne?
Mar nou toraent it lêste jountiids-rea,De lûde sé brûz’t oer fen wylde minne—En op myn herte slacht it fûl del: Nea!