XIX.

XIX.Wit det ik lijde. Mennich iens’me jounenHa ’k stúnjend stien foar ’t finster oer de wei:Nin ien dy’t kaem. En wer forstoar in deiEn húvrjend moast ik gean nei nacht hjar stounen.En ienlik laei ik del en mymre neiOer ’t bange wûnder fen de sliep—wer rounenDer húvrings oer myn wirge lea—wer wounenNachts wriggen al myn krêft yn dwylsin wei.Mar einlings—wûndre tiid!—sei ien my sêft:„Ik hâld fen dy.” ’k Haw gûld do’t ljeavjende eagenSêft ljochten yn myn siel mei wijde krêft.De tsjoen tobriek. Sûnt waerd ik goed; sûnt seagenMyn dreamen ljocht. Hja tiden op dyn trêft—Noust komd bist, bliuw, yn boun tsjin niid en ljeagen.

Wit det ik lijde. Mennich iens’me jounenHa ’k stúnjend stien foar ’t finster oer de wei:Nin ien dy’t kaem. En wer forstoar in deiEn húvrjend moast ik gean nei nacht hjar stounen.

En ienlik laei ik del en mymre neiOer ’t bange wûnder fen de sliep—wer rounenDer húvrings oer myn wirge lea—wer wounenNachts wriggen al myn krêft yn dwylsin wei.

Mar einlings—wûndre tiid!—sei ien my sêft:„Ik hâld fen dy.” ’k Haw gûld do’t ljeavjende eagenSêft ljochten yn myn siel mei wijde krêft.

De tsjoen tobriek. Sûnt waerd ik goed; sûnt seagenMyn dreamen ljocht. Hja tiden op dyn trêft—Noust komd bist, bliuw, yn boun tsjin niid en ljeagen.


Back to IndexNext