XX.Hoar giet it jountiids-let oer jounge groun.Hiel dizze simmer-dei ha ’k bodde; d’ ierdeDreau my ta wirk; ’k mocht der gjin stoun fen skiedeEn meanend, swyljend, rispjend gyng ik roun.In kenings-nocht! Ik skrepte yn ’t ljocht; ik wounMyn holle in krâns fen hea en kûkúts-blommen;’t Swit dripte my; ik haw gjin tiid fornommen—Nou rêst ik hwet, hwent noegjend komt de joun.En yn dit jountiids-let is wûndre wille,In nocht sa great, det ik forstean ’t hast net;Myn hannen, sêft fen jounich ljocht oertrille,Bin fâlde en gear, en ’k jow my ta gebet:En tinkljend, twinkljend klinkt it, stil yn ’t stille:„Wêz groete, ljeafste”, it hillich jountiids-let.
Hoar giet it jountiids-let oer jounge groun.Hiel dizze simmer-dei ha ’k bodde; d’ ierdeDreau my ta wirk; ’k mocht der gjin stoun fen skiedeEn meanend, swyljend, rispjend gyng ik roun.
In kenings-nocht! Ik skrepte yn ’t ljocht; ik wounMyn holle in krâns fen hea en kûkúts-blommen;’t Swit dripte my; ik haw gjin tiid fornommen—Nou rêst ik hwet, hwent noegjend komt de joun.
En yn dit jountiids-let is wûndre wille,In nocht sa great, det ik forstean ’t hast net;
Myn hannen, sêft fen jounich ljocht oertrille,Bin fâlde en gear, en ’k jow my ta gebet:
En tinkljend, twinkljend klinkt it, stil yn ’t stille:„Wêz groete, ljeafste”, it hillich jountiids-let.