XI.Dy haw ik sein hwet op my weacht: it lêstHast fen gjin ien sa field, it frjemde lokDet inkeld ik hjir wit, myn laits om sokIn heimich ding as d’ ienris iivge rêst.En nou: scilstou forstean? My pleagen drokHwa’t my as ljeafsten gouwen: sterk en fêstDroech nimmen ’t jok yet fen myn ljeafde, en dwêstWaerd nea myn langst, myn ljeafde mear as flok.Dit is hwerom ik gean, in prins sa ljocht:Det nimmen lijt as ik, om’t nimmen sochtDe stien, dy’t flûnkret yn it hert’ fen d’ ierde.Dit is hwerom ik bûg, in mûnts sa leech:Nimmen seach mei my yet, dêr jinsen, heechDe blauwe glâns, dy’t al myn dreamen sierde.
Dy haw ik sein hwet op my weacht: it lêstHast fen gjin ien sa field, it frjemde lokDet inkeld ik hjir wit, myn laits om sokIn heimich ding as d’ ienris iivge rêst.
En nou: scilstou forstean? My pleagen drokHwa’t my as ljeafsten gouwen: sterk en fêstDroech nimmen ’t jok yet fen myn ljeafde, en dwêstWaerd nea myn langst, myn ljeafde mear as flok.
Dit is hwerom ik gean, in prins sa ljocht:Det nimmen lijt as ik, om’t nimmen sochtDe stien, dy’t flûnkret yn it hert’ fen d’ ierde.
Dit is hwerom ik bûg, in mûnts sa leech:Nimmen seach mei my yet, dêr jinsen, heechDe blauwe glâns, dy’t al myn dreamen sierde.