XVII.25 Nov.Det ik dizz’ dei stil nêst dy wêze meiEn nêst dyn foet de blide tiid oertinke,Hwaens glânz’ge ûren dy yn d’ eagen blinkeTa wytging fen in iere moarntiids-dei.Mocht ik in ljeave ús rizend ryk ûntsinke,De fûlste smert stoar yn mylde oantins wei;Al sjugge wy dizz’ skieding trienjend nei,Wy witte, in iiv’ger dei mei oer hjar blinke.Liz, ljeaf, dyn hân yn mines—sjuch dizz’ deiHja is in stjerre yn ’t joun-swirk fen de hjerst,En silvren glâns spraet oer ús feil’ge wei.Nou gean wy sterk togearre; yn striid en rêstFor ivich ien, eft God de wijïng seiDy’t oan mankoar ús knotte, hillich-fêst.
25 Nov.
Det ik dizz’ dei stil nêst dy wêze meiEn nêst dyn foet de blide tiid oertinke,Hwaens glânz’ge ûren dy yn d’ eagen blinkeTa wytging fen in iere moarntiids-dei.
Mocht ik in ljeave ús rizend ryk ûntsinke,De fûlste smert stoar yn mylde oantins wei;Al sjugge wy dizz’ skieding trienjend nei,Wy witte, in iiv’ger dei mei oer hjar blinke.
Liz, ljeaf, dyn hân yn mines—sjuch dizz’ deiHja is in stjerre yn ’t joun-swirk fen de hjerst,En silvren glâns spraet oer ús feil’ge wei.
Nou gean wy sterk togearre; yn striid en rêstFor ivich ien, eft God de wijïng seiDy’t oan mankoar ús knotte, hillich-fêst.