XVIII.Wy bin de prinsen fen it Fryske gea,Oermoedich, soun en jong; ús wille is tige—De fammen biidzje ús liet yn ept’ge rigeEn ’t noegjen fen ús nocht forjitt’ se nea.Loaits ho’t, oerwoun, de tiden for ús nige!By ús great kommen flechte bang de Dea;’t Ljocht striel’t ús d’ eagen út—en dochs, myn ljea,Ien ljeafste heimnis bleau aloan forswige:Ik bin de prins fen ’t wâld, bistjûr de weagenEn al de loften gean nei myn bliid nocht;Ik riisde as Baldur, mar wier sjend fen eagen.Blyn hie ’k in kening west; nou hat it ljochtMy laet, dêr’t nei myn gean dyn loaitsen seagen,En ’k wit my lyts en feal en earm bitocht.
Wy bin de prinsen fen it Fryske gea,Oermoedich, soun en jong; ús wille is tige—De fammen biidzje ús liet yn ept’ge rigeEn ’t noegjen fen ús nocht forjitt’ se nea.
Loaits ho’t, oerwoun, de tiden for ús nige!By ús great kommen flechte bang de Dea;’t Ljocht striel’t ús d’ eagen út—en dochs, myn ljea,Ien ljeafste heimnis bleau aloan forswige:
Ik bin de prins fen ’t wâld, bistjûr de weagenEn al de loften gean nei myn bliid nocht;Ik riisde as Baldur, mar wier sjend fen eagen.
Blyn hie ’k in kening west; nou hat it ljochtMy laet, dêr’t nei myn gean dyn loaitsen seagen,En ’k wit my lyts en feal en earm bitocht.