XVI.

XVI.’k Song, Lionel, dyn ljeafde; ik joech myn stimDet dêryn tsjûgje mocht dyn geast, hweroanIt egen lûd ûntstoar. Ik naem dyn kroan,En laei op ’t egen hier syn bleke glim.Lang wier dyn ljeafde ek mines; hiel myn moarnWier, frjeonen fen myn siele, wijd oan jim,’k Joech jim myn ljeafde en tocht aloan oan himDy’t lijde as ik, de kenings-ljeafde ûntstoarn.Wyld, twingend ha ’k jim ljeave en ’t wier myn rjucht.For kinstners is de skientme slachteleas,En ik hie neat as ’t glânzgjen fen jim eagen.En nou’t myn geast nei greater dagen tsjuchtBliuw ’k seinjend jim, myn frjeonen, dy’t ik keasDo’t ik to stjerren tocht yn hate en ljeagen.

’k Song, Lionel, dyn ljeafde; ik joech myn stimDet dêryn tsjûgje mocht dyn geast, hweroanIt egen lûd ûntstoar. Ik naem dyn kroan,En laei op ’t egen hier syn bleke glim.

Lang wier dyn ljeafde ek mines; hiel myn moarnWier, frjeonen fen myn siele, wijd oan jim,’k Joech jim myn ljeafde en tocht aloan oan himDy’t lijde as ik, de kenings-ljeafde ûntstoarn.

Wyld, twingend ha ’k jim ljeave en ’t wier myn rjucht.For kinstners is de skientme slachteleas,En ik hie neat as ’t glânzgjen fen jim eagen.

En nou’t myn geast nei greater dagen tsjuchtBliuw ’k seinjend jim, myn frjeonen, dy’t ik keasDo’t ik to stjerren tocht yn hate en ljeagen.


Back to IndexNext