XXI.

XXI.’k Tink oan ús Twiizler tún. Dêr giet de glânsBliid triljend oer de rûzge swiere blêdden;De deiwyn dounset sêft mei lichte trêddenDe ljochte seamen fen de boskjes lâns.Stil niget roaze-blomte yn sinn’ge bêddenEn bledtsjes sige del ta roaze-krâns;Sims fiert de wyn hjar súntsjes mei, dy’t gânsTo núndrjen wit fen krûd en praetske blêdden.En lange gerzen bûge sêft en soeijeOmheech, omleech, al nei’t de sigen ’t wol,En sinne-blinkjes glimkje stil en djoeijeD’ âld apel-beam fen douns en maitiid fol,En ús foriene sielen dreame en bloeije,Elts nei hjar aerd, eft God hjar heechtiid wol.

’k Tink oan ús Twiizler tún. Dêr giet de glânsBliid triljend oer de rûzge swiere blêdden;De deiwyn dounset sêft mei lichte trêddenDe ljochte seamen fen de boskjes lâns.

Stil niget roaze-blomte yn sinn’ge bêddenEn bledtsjes sige del ta roaze-krâns;Sims fiert de wyn hjar súntsjes mei, dy’t gânsTo núndrjen wit fen krûd en praetske blêdden.

En lange gerzen bûge sêft en soeijeOmheech, omleech, al nei’t de sigen ’t wol,

En sinne-blinkjes glimkje stil en djoeijeD’ âld apel-beam fen douns en maitiid fol,

En ús foriene sielen dreame en bloeije,Elts nei hjar aerd, eft God hjar heechtiid wol.


Back to IndexNext