XXII.

XXII.’t Ljocht dounse foar ús fiet, dêr’t moss’ge grounUs stille trêdden heinde. In moarntiids-sigenOerloek it grien; ’t leaf oan de ting’re twigenSong rûzjende it bliidste boadskip roun.Ien timpel wier it wâld. Ik seach de rigenFen ’t rûzich beamte as pylders stean, sterk, roun;Dêrta it leaf ien libjend tek, oerwounFen himel-gloede oer ’t wûndre boun fen twigen.In blanke flinter flodd’re; in fûgel song.Yn iep’ner delte laei in glânzich wetter:Dêr ha wy stil yn rykste mymring stien.En ’k wist, de moarn wier great, mar ús siel’ fongYet klearder glâns en koe de himel better,En seach hwet heimnis bleau for eltsenien.

’t Ljocht dounse foar ús fiet, dêr’t moss’ge grounUs stille trêdden heinde. In moarntiids-sigenOerloek it grien; ’t leaf oan de ting’re twigenSong rûzjende it bliidste boadskip roun.

Ien timpel wier it wâld. Ik seach de rigenFen ’t rûzich beamte as pylders stean, sterk, roun;Dêrta it leaf ien libjend tek, oerwounFen himel-gloede oer ’t wûndre boun fen twigen.

In blanke flinter flodd’re; in fûgel song.Yn iep’ner delte laei in glânzich wetter:Dêr ha wy stil yn rykste mymring stien.

En ’k wist, de moarn wier great, mar ús siel’ fongYet klearder glâns en koe de himel better,En seach hwet heimnis bleau for eltsenien.


Back to IndexNext