XXIII.

XXIII.Foar ús de sé fen einleasheit, hwaens weagenForswolgje hwet hjar glâns bitrout. In wyldFrjemd liet riist út hjar djip; hjar wiksljend byldWearspeeglet ljocht en dûnkrjend yn ús eagen.Mem Sé, sims ljeave ik dy mei lieten myld,Sims húvre ik astû riisdest yn dyn fleagenEn stoarmich rôpst: dyn wylde feinten teagenFel driigjend op my yn en ’k hie gjin skyld,—Aloan wier ’k bang for dyn forwoed’ne krêftAl hie ’k mysels ek sterk; dyn iiz’ge wietteBifrear myn dreamen en myn tinz’ne trêft,Mar hjoed, Mem Sé, omstoarmje ús lûd, en litteDyn dreamen ús oerrûzje,—stil en sêftScil wy, forboun, ús dochs dyn masters witte.

Foar ús de sé fen einleasheit, hwaens weagenForswolgje hwet hjar glâns bitrout. In wyldFrjemd liet riist út hjar djip; hjar wiksljend byldWearspeeglet ljocht en dûnkrjend yn ús eagen.

Mem Sé, sims ljeave ik dy mei lieten myld,Sims húvre ik astû riisdest yn dyn fleagenEn stoarmich rôpst: dyn wylde feinten teagenFel driigjend op my yn en ’k hie gjin skyld,—

Aloan wier ’k bang for dyn forwoed’ne krêftAl hie ’k mysels ek sterk; dyn iiz’ge wietteBifrear myn dreamen en myn tinz’ne trêft,

Mar hjoed, Mem Sé, omstoarmje ús lûd, en litteDyn dreamen ús oerrûzje,—stil en sêftScil wy, forboun, ús dochs dyn masters witte.


Back to IndexNext