XXIV.

XXIV.Mids minsken giet in glâns fen foarstlikheitUs blinkende eagen oer. Hwent kenings-eareWaerd ús biskern: nin ien scil ús ûntkeareHwet yn syn siele oan skat forhoalen leit.Us ljochtsjend antlit scil gjin skaed forneare,Gjin leed scil mear bistean, as ús stim seitIt blide wird fen hope en hearlikheit—Faek scil ien, as nei ’t ljocht, nei ús him keare:Sa jaen wy troanjend goede ginst en seineEn ’t ljocht scil om ús seale yn streamen gean,En blomkje scil ’t dêr’t wyldernissen leine—Wy hawwe God ús libben’s ynlikst bean,En Hy joech Ljeafde yn ivichheit, nea eine,Hwaens stille geasten glimkjend oer ús stean.

Mids minsken giet in glâns fen foarstlikheitUs blinkende eagen oer. Hwent kenings-eareWaerd ús biskern: nin ien scil ús ûntkeareHwet yn syn siele oan skat forhoalen leit.

Us ljochtsjend antlit scil gjin skaed forneare,Gjin leed scil mear bistean, as ús stim seitIt blide wird fen hope en hearlikheit—Faek scil ien, as nei ’t ljocht, nei ús him keare:

Sa jaen wy troanjend goede ginst en seineEn ’t ljocht scil om ús seale yn streamen gean,En blomkje scil ’t dêr’t wyldernissen leine—

Wy hawwe God ús libben’s ynlikst bean,En Hy joech Ljeafde yn ivichheit, nea eine,Hwaens stille geasten glimkjend oer ús stean.


Back to IndexNext