XXV.

XXV.Meist sitte yn ’t glânzgjen fen midsimmer-sinne.De hannen gear, stil dreamende dyn lietDet skielk myn ear yn silvren lûd oergiet,Wylst oer dyn hier de wiffe sprankels rinne,Ef meist by jounlocht oer de griizjende ierd’Yet keiner hearlikheit en myldens winne—In lette blom, hwaens knoppen iepen binne,As eltse plant yn dau to slomjen stiet—Aloan leit oer dyn antlit klearder glânsAs himel’s tûznen sinnen tsjoene kinneEn giet in keiner ljocht dyn eagen lâns.Dochs bûg ik, dit oertinkend, net, mar binneMyn tinzen greatsk en weevje in liete-krânsAs rykste lean, fen ’t rykste hert fortsjinne.

Meist sitte yn ’t glânzgjen fen midsimmer-sinne.De hannen gear, stil dreamende dyn lietDet skielk myn ear yn silvren lûd oergiet,Wylst oer dyn hier de wiffe sprankels rinne,

Ef meist by jounlocht oer de griizjende ierd’Yet keiner hearlikheit en myldens winne—In lette blom, hwaens knoppen iepen binne,As eltse plant yn dau to slomjen stiet—

Aloan leit oer dyn antlit klearder glânsAs himel’s tûznen sinnen tsjoene kinneEn giet in keiner ljocht dyn eagen lâns.

Dochs bûg ik, dit oertinkend, net, mar binneMyn tinzen greatsk en weevje in liete-krânsAs rykste lean, fen ’t rykste hert fortsjinne.


Back to IndexNext