XXIX.

XXIX.In silvren boat det oer de weagen driuwtNei hwer’t it himel-ljocht fen goud’ne sinneIt wiid birint—de wyn fen goad’ne minneDy bliest it foart, wylst goad’ne laits ’t oerwiuwt—Sa driuwklet ek myn sang fen my fendinneOp tiid’ne en romte’ sé dy’t sinkt en kliuwt,Mar ivich scil hja siikje it ljocht det bliuwt,Al scoe net ien syn gloed mear skôgje kinne.In boat, det stjerliken mei menn’ge skatUtristen for in hill’ge skut-goadinneDy’t oer de weagen stjûrt hjar deistich lot,Net oars myn liet, det ’k soarchsum en allinneMei grien en roazen útrist haw en detIk driuwklje lit nei dyn trochlofte sinne.

In silvren boat det oer de weagen driuwtNei hwer’t it himel-ljocht fen goud’ne sinneIt wiid birint—de wyn fen goad’ne minneDy bliest it foart, wylst goad’ne laits ’t oerwiuwt—

Sa driuwklet ek myn sang fen my fendinneOp tiid’ne en romte’ sé dy’t sinkt en kliuwt,Mar ivich scil hja siikje it ljocht det bliuwt,Al scoe net ien syn gloed mear skôgje kinne.

In boat, det stjerliken mei menn’ge skatUtristen for in hill’ge skut-goadinneDy’t oer de weagen stjûrt hjar deistich lot,

Net oars myn liet, det ’k soarchsum en allinneMei grien en roazen útrist haw en detIk driuwklje lit nei dyn trochlofte sinne.


Back to IndexNext