XXX.Ik wit in plak dêr’t mank swietrokich krûdDe roaze bloeit en ’t reid in moarntiids-wizeNeinúndret, as, fen ljochte dauwe oerdize,D’ omkrânse wjittring lústret, fyn fen lûd;Wyld fûgelt floitet dêr; de jouns komt stilIn skruten hart det effen drinkt—den rizeAllinken tûz’nen stjerren, oer de lizenGiet fen de wyn in lêste en sêftste ril:Dêr scil ’k dy moetsje en toevje scil wy dêrOant d’ elfen komme en dounsje nei de mjitteFen ’t greate gean fen sé en ierde en stjer.Heil Oberon! Hy scil ús net forjitte:Midsimmer-nacht siichde oan—my tinkt, ik hearFyn swiet muzyk, dêr’t wy syn komste út witte.
Ik wit in plak dêr’t mank swietrokich krûdDe roaze bloeit en ’t reid in moarntiids-wizeNeinúndret, as, fen ljochte dauwe oerdize,D’ omkrânse wjittring lústret, fyn fen lûd;
Wyld fûgelt floitet dêr; de jouns komt stilIn skruten hart det effen drinkt—den rizeAllinken tûz’nen stjerren, oer de lizenGiet fen de wyn in lêste en sêftste ril:
Dêr scil ’k dy moetsje en toevje scil wy dêrOant d’ elfen komme en dounsje nei de mjitteFen ’t greate gean fen sé en ierde en stjer.
Heil Oberon! Hy scil ús net forjitte:Midsimmer-nacht siichde oan—my tinkt, ik hearFyn swiet muzyk, dêr’t wy syn komste út witte.