XXVI.

XXVI.Licht is it liet det stille wémoed neamtEn drôvich dreamt fen tiden, ier-forgiene,En op yen tastreamt mei syn lûd, en ’t ieneDjippe iivge leed yn stille rou fordreamt;Licht eltse sang dy’t, nei’t se wiksljend streamt,Fen ljeafde swiets en sûrs yn hjar foriene,Det, hwa’t it lêze, yn stille mymring mieneIn heger geast hie d’ egen fieling neamd—Mar swier wier ’t liet my faek det júblje woeEn optein sjonge en altyd simmersk wêze,Wylst yn folsleine nocht neat dûrje koe;Mar dy oanskôgjend kin ’k my net bilêzeEn ’k moat dy fen myn blidens sjonge, as scoeDer oan fornoeging ein noch dea mear wêze.

Licht is it liet det stille wémoed neamtEn drôvich dreamt fen tiden, ier-forgiene,En op yen tastreamt mei syn lûd, en ’t ieneDjippe iivge leed yn stille rou fordreamt;

Licht eltse sang dy’t, nei’t se wiksljend streamt,Fen ljeafde swiets en sûrs yn hjar foriene,Det, hwa’t it lêze, yn stille mymring mieneIn heger geast hie d’ egen fieling neamd—

Mar swier wier ’t liet my faek det júblje woeEn optein sjonge en altyd simmersk wêze,Wylst yn folsleine nocht neat dûrje koe;

Mar dy oanskôgjend kin ’k my net bilêzeEn ’k moat dy fen myn blidens sjonge, as scoeDer oan fornoeging ein noch dea mear wêze.


Back to IndexNext