XXVII.

XXVII.’k Haw langst nei dy, myn ljeafste, in langst as wyldBy ’t hjerstmis riist yn ’t ryk fen skûm en weagen,Dêr’t silvren kobben roppe yn eangst, en fleagenForwoed’ne wyn toropje it himel-byld.’k Bin opstoarme yn de striid en sûnder skyldHa ’k sterk myn fijnen stien. Ik wist dyn eagenMy ljeavjend dêr’t ik teach; de goud’ne reagenFen kenings-ljeafde oerdizenen my myld.Ik stoarme en stried; ik woun—nou rêst ik út,En freedsum bûgt it jounbeamte om my hinneEn sêft is ’t moas en ’t streamke rûzet fyn....Hwet bist noch fier! ’k Forjit èn rêst èn bút,En ’k lit it hoars wer rêd en rêdder rinneEn, hjit fen langst, wol ’k iivrje mei de wyn.

’k Haw langst nei dy, myn ljeafste, in langst as wyldBy ’t hjerstmis riist yn ’t ryk fen skûm en weagen,Dêr’t silvren kobben roppe yn eangst, en fleagenForwoed’ne wyn toropje it himel-byld.

’k Bin opstoarme yn de striid en sûnder skyldHa ’k sterk myn fijnen stien. Ik wist dyn eagenMy ljeavjend dêr’t ik teach; de goud’ne reagenFen kenings-ljeafde oerdizenen my myld.

Ik stoarme en stried; ik woun—nou rêst ik út,En freedsum bûgt it jounbeamte om my hinneEn sêft is ’t moas en ’t streamke rûzet fyn....

Hwet bist noch fier! ’k Forjit èn rêst èn bút,En ’k lit it hoars wer rêd en rêdder rinneEn, hjit fen langst, wol ’k iivrje mei de wyn.


Back to IndexNext