XXVIII.Ho ha de wize dichters ’t goed forstien!De minsk’ne ljeafde, in bern fen stjerlike ierde,Riist nei Godsels omheech; hjar dreamen liedeDe himel yn, hjar is gjin seine ûntgien.De sill’ge fjilden biidzje en leanje eltsienDy’t ljeafde for syn âlden siert; hja biedeHim swietste frede en rêst, hjar wjittrings skiedeDe soarch fier fen syn paed, fen glâns oergien.Hwaens each syn frjeonen ljeafde biedt, hwaens boarstHjar skûl is tsjin de stoarm dy’t elts oerkomt,Scil ’t werwoun Paradys hjirnei oanskôgje—Mar hwa’t himsels alhiel syn breid jaen doarst,Him draecht de ljeafde oer fierste wrâld’ne romtNei hwer’t Gods egen timpel-skoarren bôgje.
Ho ha de wize dichters ’t goed forstien!De minsk’ne ljeafde, in bern fen stjerlike ierde,Riist nei Godsels omheech; hjar dreamen liedeDe himel yn, hjar is gjin seine ûntgien.
De sill’ge fjilden biidzje en leanje eltsienDy’t ljeafde for syn âlden siert; hja biedeHim swietste frede en rêst, hjar wjittrings skiedeDe soarch fier fen syn paed, fen glâns oergien.
Hwaens each syn frjeonen ljeafde biedt, hwaens boarstHjar skûl is tsjin de stoarm dy’t elts oerkomt,Scil ’t werwoun Paradys hjirnei oanskôgje—
Mar hwa’t himsels alhiel syn breid jaen doarst,Him draecht de ljeafde oer fierste wrâld’ne romtNei hwer’t Gods egen timpel-skoarren bôgje.