XXXI.

XXXI.In sâlte wyn waeit op tsjin ’t dún. De loftIs bleek as pearel-glâns; troch lichte dizeSilvret it sinljocht del. En stil forgrizeFordreamt de sé dit freedsum middei-skoft.In knyntsje boartet bliid; yn stille nochtDounsje twa bûnte flinters, dream-bitize;In rûp krûpt stadich fierder. Sêft forrizeDe stille wizen fen it sé-geroft.Is ’t net myn stim dy’t dy myn dreamen seit?’t Lûd is myn siele hiem. En ’k wit, it wideDraecht fen myn ljeafde in sêfte wytging oan—Hwent beide ljeafde en sé is ivichheit:O lústrje hjar den hwet ik dream, it blide,En lústrje it yn myn egen tinzen-toan!

In sâlte wyn waeit op tsjin ’t dún. De loftIs bleek as pearel-glâns; troch lichte dizeSilvret it sinljocht del. En stil forgrizeFordreamt de sé dit freedsum middei-skoft.

In knyntsje boartet bliid; yn stille nochtDounsje twa bûnte flinters, dream-bitize;In rûp krûpt stadich fierder. Sêft forrizeDe stille wizen fen it sé-geroft.

Is ’t net myn stim dy’t dy myn dreamen seit?’t Lûd is myn siele hiem. En ’k wit, it wideDraecht fen myn ljeafde in sêfte wytging oan—

Hwent beide ljeafde en sé is ivichheit:O lústrje hjar den hwet ik dream, it blide,En lústrje it yn myn egen tinzen-toan!


Back to IndexNext