XXXII.Sa’t nou millioenen for de iiv’ge rjuchtenSterk stridend stean, dreaun fen in iizren plicht,Gearkringend om Gods hill’ge findels, tichtEn sterk tsjin hwa’t, forflokt, net goed-dwaen mòchten:Sa’t hja, swier bûgd geand ûnder ’t mêdzjend wichtFen iivge striid en eangst, dochs machtich witte,Gods glimkjende ingels scil hjar siele oerjitteMei seine en himel-frede, swiet en licht:Sa ik, dy’t mids it weage-glinstrjend Fryske gea,Fen tûz’nen ien, de heitlânske idealenHanthaevnje tsjin forfal fen jeld en dea,Wylst by de kriich tsjin ús forâldre kwalenDyn siel my sterk bisteevget, det ik neaForslopje scil yn striid for folts en tale.
Sa’t nou millioenen for de iiv’ge rjuchtenSterk stridend stean, dreaun fen in iizren plicht,Gearkringend om Gods hill’ge findels, tichtEn sterk tsjin hwa’t, forflokt, net goed-dwaen mòchten:
Sa’t hja, swier bûgd geand ûnder ’t mêdzjend wichtFen iivge striid en eangst, dochs machtich witte,Gods glimkjende ingels scil hjar siele oerjitteMei seine en himel-frede, swiet en licht:
Sa ik, dy’t mids it weage-glinstrjend Fryske gea,Fen tûz’nen ien, de heitlânske idealenHanthaevnje tsjin forfal fen jeld en dea,
Wylst by de kriich tsjin ús forâldre kwalenDyn siel my sterk bisteevget, det ik neaForslopje scil yn striid for folts en tale.