XXXIII.

XXXIII.Do ’k dy oanskôge koe ’k dy as myn breid,En ’k tanke God, al hie ’k dy neat noch frege,En ’k wist, al nei’t de tiid ús lok forhege,Wy ha mankoar al kend yn ivichheit.Gjin liet det ik dy mymrjend sjong, ef ’t leitAl tiden yn myn herte, en ’t wachte it hegeDet hiel myn siel’ sêft streake en forwegeFen wille om ’t wersjen fen hjar iiv’ge breid.Twa stjerren, sjittend troch de jounske loft,Sims fen in wolken skaet, den klear togearreDe rounte oerstrieljend mei hjar blanke noft,Net oars ek wy, dy’t jeldzje noch forstjerreMar ivich bin en jimmer ’t swiet geroftFen Goades weld’ge sfearen rûzjen hearre.

Do ’k dy oanskôge koe ’k dy as myn breid,En ’k tanke God, al hie ’k dy neat noch frege,En ’k wist, al nei’t de tiid ús lok forhege,Wy ha mankoar al kend yn ivichheit.

Gjin liet det ik dy mymrjend sjong, ef ’t leitAl tiden yn myn herte, en ’t wachte it hegeDet hiel myn siel’ sêft streake en forwegeFen wille om ’t wersjen fen hjar iiv’ge breid.

Twa stjerren, sjittend troch de jounske loft,Sims fen in wolken skaet, den klear togearreDe rounte oerstrieljend mei hjar blanke noft,

Net oars ek wy, dy’t jeldzje noch forstjerreMar ivich bin en jimmer ’t swiet geroftFen Goades weld’ge sfearen rûzjen hearre.


Back to IndexNext