XXXIV.

XXXIV.Ik riisde, in blom yn skaed fen ivich wâld;Swiersettich wier de stream en drôf it beamt,By tiden kaem de wyn en rûze frjemdEn reage yn hjerst’ge tûken, skurf en âld.Yn wiette en diiz’gens woechs ik op, myn wrâldForflokkend om syn twiivlichheit. Myn sielWoe ljocht en longre nei ien inkle striel,Mar ’t bleau mar skaed en ’k húvre en ’k waerd kâld.Mar ear’t ik stoar krong op in lije deiRyk blinkend ljocht troch ’t weevljend leaf; de wynWier soel en fierde in rook fen wûnders mei,En ’t timpre ljocht foel ’t herte sêftkes yn,Ien súvre pracht fen goud. En hiel dizz’ deiStean ’k blinkend yn myn ljochtens, blank en fyn.

Ik riisde, in blom yn skaed fen ivich wâld;Swiersettich wier de stream en drôf it beamt,By tiden kaem de wyn en rûze frjemdEn reage yn hjerst’ge tûken, skurf en âld.

Yn wiette en diiz’gens woechs ik op, myn wrâldForflokkend om syn twiivlichheit. Myn sielWoe ljocht en longre nei ien inkle striel,Mar ’t bleau mar skaed en ’k húvre en ’k waerd kâld.

Mar ear’t ik stoar krong op in lije deiRyk blinkend ljocht troch ’t weevljend leaf; de wynWier soel en fierde in rook fen wûnders mei,

En ’t timpre ljocht foel ’t herte sêftkes yn,Ien súvre pracht fen goud. En hiel dizz’ deiStean ’k blinkend yn myn ljochtens, blank en fyn.


Back to IndexNext