XXXVIII.In boat gliidt súntsjes oan de marwâl lâns;De earnstge wylgen glânzgje yn silvren ljocht;’t Is ’t ljeave sté det my fornoeging brochtDêr’t ik to dreamen laei yn simmer-glâns.En ’k haw in helt my tocht dy’t stins en skânsTwong nei syn wil; in kening ha ’k my tocht,Dy’t, earnstich, from it hillich krús-grêf socht,In skalt, it hier omwoun mei klimmer-krâns—Ryk wier ik hjir by silvren wylg’ne dreamAs sêft in sigen my oer ’t antlit roun,En yn it reid biskûle in fûgel song.Mar dreamde ik menn’ge dream oan mantel-seam,Nea ealge ik det ik iens in ljeafde foun,As nou myn stille siel ta júbling twong.
In boat gliidt súntsjes oan de marwâl lâns;De earnstge wylgen glânzgje yn silvren ljocht;’t Is ’t ljeave sté det my fornoeging brochtDêr’t ik to dreamen laei yn simmer-glâns.
En ’k haw in helt my tocht dy’t stins en skânsTwong nei syn wil; in kening ha ’k my tocht,Dy’t, earnstich, from it hillich krús-grêf socht,In skalt, it hier omwoun mei klimmer-krâns—
Ryk wier ik hjir by silvren wylg’ne dreamAs sêft in sigen my oer ’t antlit roun,En yn it reid biskûle in fûgel song.
Mar dreamde ik menn’ge dream oan mantel-seam,Nea ealge ik det ik iens in ljeafde foun,As nou myn stille siel ta júbling twong.